Fete
Uitverkocht€ 19,50
Hardcover graphic novel, 96 pagina's.
It is it jier 1400 en it Fryske lân is fertize rekke yn in unike en hast anargistyke situaasje, wêryn't elk foar syn rjochten opkomme moat. De feodale struktuer dy't oeral yn Europa yn de midsiuwen oantroffen wurdt, ûntbrekt yn Fryslân folslein. It lân bestiet út in protte lytse gebieten, mei haadlingen oan it roer. Konflikten wurde faak útfochten troch in fete te fieren.
Dy situaasje wurdt de Fryske frijheid neamd. Dy frijheid wurdt lykwols fan alle kanten bedrige. Net allinne wolle bûtenlânske hearen haren macht nei de Fryske lannen útwreidzje, ek fan binnenút is deer stoarm op komst. Meikoarten sil ien fete ôfgryslik út 'e hân rinne. En it komt op in hantsjefol persoanen del om de fierdere skiednis foarm te jaan.
Untdek hoe 't dy minsken hannelen, yn dy komplekse en kritike perioade út de Fryske Skiednis, yn it earste ferhaal oer de fergetten Grutte Fryske Oarloch tusken de Skieringers en de Fetkeapers.






Delen